Koos Boomsma: in heit om grutsk op te wêzen
Jacobus Johannes Boomsma, better bekend as Koos Boomsma, siet al betiid yn de oarloch yn it ferset. Mei syn natuerlik liederskip waard er suver hast automatysk de lieder fan de organisaasje dy't yn Súdwest-Fryslân soarge foar de ûnderdûkers. Sels siet er ek ûnderdûkt, mar sa no en dan gie er werom nei syn hûshâlding yn Sondel, nei syn frou en fjouwer bern.
Grutsk
Ien fan dy bern wie Pieter Boomsma. Hy ken de ferhalen oer syn heit fan hearren sizzen, want hy hat syn heit net kennen. Hy wie twa jier doe't Koos Boomsma deasketten waard troch in Dútske soldaat. "Ik haw myn heit net kennen, mar ik bin wol grutsk op him", sa seit er.
Yn Sondel is in strjitte nei Koos Boomsma neamd en Boalsert hat in J.J. Boomsmalaan. Op it âlde gemeentehûs fan Balk stiet syn namme yn in betinkplaat dy't oan de muorre hinget.
Yn Buro de Vries op snein 21 april in petear mei Pieter Boomsma oer syn heit.