Troch brân dupearre famylje út Sint-Jabik fynt tydlik ûnderdak

19 apr 2019 - 22:49

De famylje mei 14 pleechbern út Sint-Jabik fan wa't dizze wike it hûs ôfbaarnde, hat de kommende trije moanne ûnderdak fûn yn in hûs yn de gemeente Waadhoeke.

Se hiene tydlik ûnderdak, mar dêr moasten se freed út. Yn it wykein ha se in oar plak en foar de kommende trije moanne binne se dus ek ûnder dak. De húshâlding is ek dwaande mei oare lokaasjes foar dêrnei, dêr't se langer bliuwe kinne.

De famylje rekke by in fûle brân tiisdei alles kwyt. De mem en haar pleechbern krije yntusken fan alle kanten help oanbean.

Trefwurden: 
brân Sint-Jabik pleechbern
(advertinsje)