SC Hearrenfean útskeakele foar play-offs nei ferlies tsjin Heracles

19 apr 2019 - 22:26

SC Hearrenfean hat de lêste trije wedstriden fan dit seizoen neat mear as foar de eare te spyljen. Freedtejûn moast de ploech fan trainer Johnny Janssen winne om sicht te hâlden op de play offs foar Europeesk fuotbal, mar mei in 2-1 ferlies op besite by Heracles Almelo is dat net slagge.

Foto: www.orangepictures.nl

It wienen de Friezen dy't yn it begjin it inisjatyf namen. Se setten Heracles ûnder druk en kreëarren oan de hân fan spits Sam Lammers de earste kânsen. Lammers skeat earst sels op keeper Janis Blaswich en sette nei in kertier spyljen Michel Vlap nei in knappe aksje tsjinoer de keeper fan de gasthearen, mar it skot miste krêft en fenyn. Nei dik 20 minuten like Pelle van Amersfoort de Feansters op 0-1 te setten, mar de goal waard ôfkard. Van Amersfoort hie in oertrêding makke op ferdigener Tim Breukers.

Strafskoppen

Fiif minuten letter skoarde Heracles dochs. Yuki Kobayashi tikte Brandley Kuwas ûnderút, wêrnei't Kuwas ut in strafskop wei de bal binnenskeat. Hearrenfean hie gelok dat Hahn goed derby wie, om't Adrian Dalmau efkes letter hast de 2-0 op de foet hie nei in pass fan Lucas Woudenberg op Kik Pierie.

Flak foar rêst kaam Hearrenfean dochs op 1-1. Lennart Czyborra helle Mitchell van Bergen yn it strafskopgebiet ûnderút en ek hjir gie de bal op de stip. It duorre lykwols noch even foardat Lammers de bal traapje mocht om't de VAR de situaasje noch besjen woe. Lammers bleau lykwols konsintrearre en skeat de bal yn de krusing. Middenfjilder Ben Rienstra hie op slach fan rêst noch de kans om mei in foarsprong de klaaikeamers op te sykjen, mar hy skeat rjocht op Blaswich ôf.

Inisjatyf fuort

Nei in goede faze fan Hearrenfean yn it earste kertier kabbele de wedstriid wat troch, sûnder echte kânsen. Hearrenfean ferlear it inisjatyf, mar Heracles naam dat ek net echt oer. Dalmau, de spits fan Heracles skeat de thúsploech dan ek wat ûnferwachts op foarsprong. De bal bleau lizzen yn it strafskopgebiet nei in corner en de oanfaller fan Heracles betocht him net en jage de bal snoeihurd lâns Hahn.

Fuortendaliks dêrnei krige Van Amersfoort in goede kans op de lykmakker, mar hy leppele de bal oer. Net folle letter soarge ynfaller Morten Thorsby foar in dikke kans op de 2-2, mar wer stie de keeper fan Heracles yn it paad. Yn de lêste minuten krearre Hearrenfean gjin kansen mear op de lykmakker.

Heracles Almelo - SC Hearrenfean 2-1 (1-1) 27. Brandley Kuwas (1-0), 40. Sam Lammers (1-1), 73. Adrián Dalmau (2-1).

Opstelling SC Hearrenfean: Hahn, Schmidt, Hoegh, Pierie, Woudenberg (80. Johnsen), Rienstra, Kobayashi (88. Hornkamp), Vlap (80. Thorsby), Van Bergen, Lammers, Van Amersfoort.

(Advertinsje)
(Advertinsje)