SC Cambuur keart mei ien punt werom nei Ljouwert

19 apr 2019 - 22:06

SC Cambuur hat freedtejûn mei 2-2 gelyk spile tsjin de nûmmer fjirtjin fan it klassemint, FC Eindhoven. Dat de ploech twa plakken leger yn it klassemint stiet wie lykwols net oan de wedstriid te sjen, want it wie de ploech út Eindhoven dy't de foarsprong pakte en lange tiid ek wist te hâlden. It slagge in kânsryk Cambuur net om de foarsprong oer te nimmen, mar fier yn de wedstriid kamen se noch al op likense hichte.

SC Cambuur keart mei ien punt werom nei Ljouwert

De thúsploech begûn fûl oan de wedstriid en naam it foartou, mar Cambuur slagge der it earst yn om de bal yn de goal te krijen. Yn de 26e minút like it Cambuur nei ferskate kânsen te slagjen om te scoren. Dat mislearre, want spits Kevin van Kippersluis stie bûtenspul. It wie al in omslachpunt. Dêrnei wienen de ploegen mear yn lykwicht.

Yn de 31e minút wie er dan dochs hast de 0-1, mar de bal gong neist. Ek yn de 42e minút krige Cambuur in kâns, mar de bal einige yn de hannen van Guy Smit, keeper fan FC Eindhoven. Ek FC Eindhoven slagge deryn om gefaarlik te wêzen, mar net om te skoaren.

Rêst: 0-0

Flak foar rêst makke Matthew Steenvoorden in oertrêding, mar de frije traap fan Branco van den Boomen gong fier oer de goal hinne. Sûnder punten op it skoareboerd fluite de skiedsrjochter foar rêst.

Foto: www.orangepictures.nl

Sloardich

De twadde helte begûn sloardich foar Cambuur. FC Eindhoven krige kâns nei kâns en wist sels de bal yn de 47e minút yn de goal te krijen, mar Elisha Sam stie bûtenspul en sadwaande gong it feest foar de Eindhovenaren net troch. Yn de 56e minút slagge it dan dochs: 1-0 foar FC Eindhoven. Yn de minuten dêrnei wie it keeper Xavier Mous dy't derfoar soarge dat FC Eindhoven net fierder útrûn, mar yn de 61e minút wie de 2-0 der dan dochs, neidat Van Steenvoorden de bal op it middenfjild ferlear.

Yn de 65e minút sette Van Kippersluis mei in kopbal út in frije traap Cambuur op 2-1. In botsing makke dat Steenvoorden wissele moast wurde en dat er sân minuten ekstra tiid bykaam. Gelokkich foar Cambuur, want fier yn blessueretiid wie it Sam Hendriks dy't derfoar soarge dat de ploech út Ljouwert net mei lege hannen nei hûs weromgie. Hy sette de ploech op de einstân 2-2.

SC Cambuur - FC Eindhoven 2-2 (0-0) 56. Alvin Daniëls (1-0), 61. Elisha Sam (2-0), 65. Kevin van Kippersluis (1-2), 90+2. Sam Hendriks (2-2)

Opstelling SC Cambuur: Mous, Sai, Steenvoorden (83. Jones), Mbende, Sambissa (67. Bangura), Jansen (67. Robertha), Schilder, Maulun, Ciganiks, Hendriks, Van Kippersluis.

(Advertinsje)
(Advertinsje)