Kuorballers oant 19 jier stride om wrâldtitel yn Ljouwert

19 apr 2019 - 21:29

It earste offisjele WK kuorbal foar spilers oant 19 jier is freed úteinset yn Ljouwert. Yn it Kealledykje spylje tolve lannen, ferdield oer trije pûls om de wrâldtitel.

It liket der op dat dit jeugdtoernoai ek foar it lêst yn Ljouwert hâlden wûrdt. De bedoeling is dat it WK U19 tenei de wrâld oer giet. De organisaasje is grutsk oer de ûntwikkeling fan it evenemint, mar sil it nei 22 jier ek wol misse.

Nederlân spilet yn pûl A mei Dútslân, Kataloanië en Maleizië. Yn pûl B spylje Sineesk Taipei, Portugal, Tsjechië en Hongkong (Sina) en yn pûl C sitte België, Ingelân, Hongarije en Sina. Marokko soe ek meidwaan, mar troch swierricheden mei fisa moast de iennige Afrikaanske dielnimmer him ôfmelde.

Yn it Nederlânsk team spylje twa spilers fan LDODK út De Gordyk mei: Marvin Piepers en Charlotte de Jong.

LDODK-trainer Henk Jan Mulder wie freed as coach fan de Dútske coach oanwêzich, om de stêf te helpen mei analyze en taktyk. Mulder sjocht dat it nivo op it WK noch bot ferskilt. Nederlân is de dúdlike topfavoryt, dêrachter fjochtsje meardere lannen om in plakje yn de top-3.

Sneon binne de kwart- en de heale finales en snein is de finale om 15.45 oere, mei om 17.00 oere de slotseremoanje. It folsleine programma is te finen op de webside fan it WK kuorbal U19.

Trefwurden: 
LDODK WK kuorbal U19
(advertinsje)