Nei 22 jier ôfskied fan Aris: "Mond dicht en niet meer mee bemoeien"

Sy binne beiden gek fan basketbal, mar nei 22 jier hat it moai west. Bestjoersleden Gert Schurer en Johan Meijer hâlde op by Aris, it is tiid foar farsk bloed. Schurer en Meijer sjogge yn Fryslân Hjoed werom op harren tiid by de Ljouwerter basketbalklup.
Sukses Aris
Yn de jierren 90 stelt Aris, ek al ha se mei Gert Schurer en Johan Meijer twa topspilers yn 'e hûs, noch net safolle foar. It earste echte sukses is de promoasje nei it twadde nivo. Foar Gert en Johan sit de sportive karriêre by Aris der dan op. Sy krije in bestjoersfunksje en ha in nij doel: mei Aris nei de earedifyzje.
Mei Tom Simpson as coach promovearret Aris yn 2004 úteinlik nei it heechste nivo. Om te oerlibjen yn de earedifyzje lûkt Aris in blik ûnbekende Amearikanen iepen. Mei Brandon Woudstra en Dallas Logan yn de ploech is de start geweldich. Grins, de regearjend kampioen, wurdt yn eigen hûs ferslein troch de nijkommers út Ljouwert.

It kwartsje foel

De allergrutste stunt is yn 2013. Under lieding fan full-proff coach Erik Braal wurdt yn de heale finale fan de play-offs Eiffeltowers út Den Bosch ferslein. Fan dat momint ôf stiet Aris op de basketbalkaart. "Met Erik Braal viel het kwartje, het was verreweg de beste coach die Aris heeft gehad", sizze Schurer en Meijer.

Net mear mei bemuoie

De beide bestjoersleden sjogge de takomst foar Aris ek sûnder harren goed yn, al bliuwe se noch wol as publyk en as sponsor ferbûn oan de klup. "Maar ze zullen nu zelf hun eigen beslissingen moeten nemen. Af en toe zullen de vingers absoluut gaan jeuken, maar nee, mond dicht en niet meer mee bemoeien."