Ofslútdyk wer diels iepen nei ûngelok, frachtweinsjauffeur oanhâlden

It ferkear op de Ofslútdyk rydt wer, de earste rydbaan yn de rjochting fan Fryslân is frijjûn. De dyk waard freed oan de ein fan de middei ôfsletten nei in swier ûngelok. In frachtwein ried efterop in auto yn in file. Dêrby rekken twa manlju dy't yn de auto sieten, beknypt. De file wie it gefolch fan in earder ûngelok.
© CAMJO media / Jaring Rispens
De frachtweinsjauffeur is oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan it feroarsaakjen fan it ûngelok. De bestjoerder fan de auto en syn passazjier binne mei ûnbekend letsel oerbrocht nei it sikehûs.
Omdat de Ofslútdyk rjochting Fryslân ôfsletten waard foar it bergingswurk, krige it ferkear it advys om oer de A6 troch Flevolân te riden.