Foppe de Haan coacht betinkingsteam Snitser razzia

Foppe de Haan sil op 21 maaie in spesjaal Snitser fuotbalteam coache. It giet om in fuotbalwedstriid en in betinking tagelyk. De manlju fan De Haan spylje tsjin Team West, en betinke dêrmei in wedstriid dy't 75 jier lyn spile waard yn Snits. Hjirby waard in razzia hâlden, wêrby't 21 manlju oppakt waarden.
Noardlik alvetal fan 21 mei 1944. Steand, twad fan rjochts, Abe Lenstra © Omrop Fryslân
Foarôfgeand oan de wedstriid wurdt it boek '21 man' fan Peter van der Meeren presintearre, oer wat der krekt barde op 21 maaie 1944. Dêrby binne ek de famyljes fan de manlju dy't oppakt waarden útnûge. Oan de razziawedstriid yn 1944, tusken de alvetallen fan disktrikt Noord en West, die ek Abe Lenstra mei.
Jan Vlap, fan Snits, is de assisint fan De Haan. Teammanagers Gerrit Boorsma en Ilan Boot ha de seleksje gearstald. Se hawwe dêrby sjoen nei wat de spilers hawwe mei de stêd en de histoarje. De spilers komme fan ONS Snits, Snits Wyt Swart, LSC 1890, Waterpoort Boys en Black Boys.
De Snitsers spylje tsjin Team West, dat bestiet út spilers fan klups út de omkriten fan Haarlem. By dat team spile yn 1944 ûnder oare Kick Smit mei.
De wedstriid stiet ûnder lieding fan Hessel Steegstra (skiedsrjochter) en assistinten Erwin Zeinstra en Jan de Vries.