Utferkocht festival Eilân op Skylge hat noch hieltyd gjin fergunning

19 apr 2019 - 19:01

It nije festival Eilân op Skylge wie in rap tempo útferkocht yn febrewaris, dochs hat it festival noch hieltyd gjin fergunning. Organisator Daniel van Drunen makket him lykwols gjin soargen: "We hebben heel positief overleg gehad. Binnenkort verwachten we de beslissing van de burgemeester."

Skylge - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

It festival is al in tiid foer foar diskusje op it eilân. Sa is de Stichting Ons Schellingerland bang dat it terrein dêr't it festival hâlden wurdt in permanint festivalterrein wurdt.

De ferwachting is dat der 6.000 besikers komme op festival Eilân, dat in inisjatyf is fan konsertorganisator Mojo en Chasing The Hihat. It festival wurdt hâlden by it Duinmeertje van Hee. Der komme trije poadia en der wurdt ek in steger boud, dy't dêr nei it festival bliuwe sil.

Stichting Ons Schellingerland hat hjir fragen oer steld oan de gemeenteried. De stichting wol witte oft it de bedoeling is dat it festival elk jier weromkomt en oft it in permanint festivalterrein wurde sil. Foarsitter fan de stichting, Jaap Smit, seit dat Skylge har graach profilearret as in eilân fan rêst en romte en dat stiet rjocht tsjinoer it hâlden fan jierlikse festivals.

Fergunning

Twa jier lyn hat de gemeenteried besletten gjin evenemintebelied op te stellen om't it neffens harren net nedich wie. Dat betsjut dat de boargemaster oanfragen fan eveneminten allinnich mar toetse kin oan kritearia op it mêd fan iepenbiere oarder en feiligens. Dêrfoar freget de gemeente advys oan de Veiligheidsregio en de plysje. Dy ha it advys noch net oan de boargemaster jûn en dat betsjut dat Wassink noch neat sizze kin oer it evenemint.

"We hebben twee weken geleden een informatieavond georganiseerd", fertelt organisator Van Drunen. "Daarna hebben we de vergunningaanvraag aangevuld. We hebben het idee dat die nu zo compleet mogelijk is. We gaan er dus vanuit dat het wel goedkomt, maar dat besluit ligt uiteindelijk bij de gemeente." Hy ferwachtet begjin maaie te hearren te krijen oft alles goedkomt.

Evenemintefyzje

De gemeente hat yn it eilânakkoart 2018-2022 bepaald dat der in evemenintefyzje komme moat. Dêr wurdt no oan wurke. "Omdat iedereen de gelegenheid moet krijgen mee te praten over een evenementenvisie en omdat daarbij meerdere belangen zorgvuldig moeten worden afgewogen, is mijn verwachting dat de nieuwe visie pas in 2020 het licht zal zien", skriuwt boargemaster Wassink.

Yn dy fyzje wurdt nei alle gedachten bepaald hoefolle eveneminten der op Skylge hâlden wurde meie en hokker eveneminten der wol op it eilân hearre en hokker net.

Trefwurden: 
festival Skylge eilân
(advertinsje)
(advertinsje)