Frachtwein achter op file riden, Ofslútdyk rjochting Fryslân ticht

In frachtwein is freed let op de middei op de Ofslútdyk efterop in auto yn in file riden. Yn de auto sieten twa persoanen. Sy rekken beknypt en nei alle gedachten swier ferwûne.
© CAMJO media / Stefan Postema
Koarte tiid foardat it ûngelok barde, wie der ek al in oar ûngelok. It ferkear kaam hjirtroch fêst te stean. De frachtauto is dêrnei troch ûnbekende oarsaak efterop in persoane-auto riden. Dat barde by de Breezanddijk.
Troch de ûngelokken stiet it ferkear fêst. It ferkear kin by Den Oever noch wol de dyk opride mar de plysje advisearret om in oare rûte te kiezen. De dyk rjochting Fryslân is ôfsletten, it ferkear wurdt advisearre om oer de A6, dus troch Flevolân, te riden.