Auto slacht oer de kop en fljocht yn 'e brân by De Houtigehage

19 apr 2019 - 17:47

Op de Folgersterloane by De Houtigehage is freedtemiddei in auto út de bocht flein en tsjin in beam botst. De auto is dêrby yn de brân flein en folslein útbrând. De bestjoerder siet net mear yn de auto doe't de brân útbruts.

Foto: CAMJO media / Jaring Rispens

De auto kaam út de rjochting fan Drachten, botste troch noch ûnbekende oarsaak tsjin in beam en kaam oer de kop terjochte yn in tún.

De helptsjinsten rieden manmachtich út, ek in traumahelikopter waard oproppen. De brânwacht hat it fjoer útmakke. De bestjoerder fan de auto is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. It is net dúdlik hoe't it mei it slachtoffer is.

Trefwurden: 
ûngelok De Houtigehage
(advertinsje)