KAART: Hjir kinne jo noch nei peaskefjurren yn Fryslân

22 apr 2019 - 10:19

Yn it súdeasten fan Fryslân wurde ek op peaskemoandei noch ferskate fjurren oanstutsen. Fanwege de oanhâldende drûchte soene de peaskefjurren mooglik net trochgean, mar nei oerlis mei de feilichheidsregio en gemeenten is besletten dat se dochs trochgean kinne. Dat komt ûnder mear fanwege de waarsferwachting; der wurdt net in soad wyn foarsein.

Foto: ANP

Wol nimme de organisaasjes fan de peaskefjurren maatregels. Sa wurdt der by guon fjurren in jarretank mei wetter pleatst en wurde beammerigen dy't tichteby it fjoer steane, wiet spuite.

Op ûndersteande kaart fynst in oersjoch fan de by Omrop Fryslân bekende peaskefjurren. Tik op in lokaasje foar mear ynformaasje oer de dei en de lokaasje.

Trefwurden: 
kaart Peaskefjoer
(Advertinsje)
(Advertinsje)