Reorganisaasje kristlike Mavo De Saad giet definityf troch

By kristlike Mavo De Saad yn Damwâld wurde seis wurkplakken skrast. De meisizzenskipsried hat definityf ynstimd mei de reorganisaasje.
© De Saad, Damwâld
Troch de krimp yn Noardeast- Fryslân rint it learlinge-tal fan De Saad al in tal jierren werom. Ein ferline jier joech de direksje al oan dat dit konsekwinsjes hawwe soe. De Mavo yn Damwâld telt op it stuit noch sa'n 300 learlingen en 35 meiwurkers. Yn fjouwer jier tiid is it oantal learlingen mei sa'n 30 prosint weromrûn.