Kweajongesstreek wurdt deadlik drama

It like sa ûnskuldich. In skoaljonge naam op 11 april 1942 fiif buordsjes mei de tekst 'Voor Joden verboden' mei. Hy helle se fuort by de yngongen fan it Vossepark yn Ljouwert. In kweajongesstreek. Mar sa seagen de Dútsers it net. Sy namen spikerhurde maatregels. Tsien joaden waarden oppakt en nei konsintraasjekampen brocht. Net ien fan harren oerlibbe de oarloch.
Kweajongensstreek wurdt deadelik drama
It is in fergetten ferhaal út de oarloch. Neat yn it Ljouwerter Vossepark docht noch tinken oan it drama. En dat moat feroarje, sa fynt sjoernalist en skriuwer Auke Zeldenrust. Hy wennet yn de buert fan it park en kaam it ferhaal op it spoar yn de argiven fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert.
"Ik wie dwaande mei it ûndersyk foar myn boek 'De Joodse Bruiloft' doe't ik yn it argyf in plysjerapport tsjin kaam fan 11 april 1942, wêryn't plysjeminsken konstatearren dat de buordsjes fuort binne. Moarns wurdt dat konstatearre troch de plysje en jûns jout de SD opdracht, mei de SS, om tsien joaden út Ljouwert op te pakken."
© Auke Zeldenrust
De tsien joaden wurde yndied oppakt en meinaam. As de heit fan de jonge dy't de buordsjes meinaam hat, derfan heart, giet er nei it haadkantoar fan de SD yn Ljouwert oan it Saailân. Hy jout oan dat it syn soan west hat dy de buordsjes meinaam hat, mar dat dêr gjin djippere betsjutting efter socht wurde moat. It is gewoan 'baldadigheid'. De Dútsers hearre it ferhaal fan de heit oan, mar stjoere him gewoan wer fuort.
Itselde bart as de Opperrabbijn fan Ljouwert him by de SD meldt. Ek hy pleitet foar it frijlitten fan de oppakte joaden, mar dat liedt allinnich mar ta lilkens by de Dútsers. Se wolle der neat mear oer hearre. Foar harren is it oppakken fan de tsien joaden it iennige dat barre moat. En sa kin it barre dat de joaden ôffierd wurde nei de kampen en letter yn de oarloch de dea fine. Twa fan de oppakte joaden sels al binnen in pear wiken nei oankomst yn Kamp Amersfoort.
Auke Zeldenrust kaam it ferhaal yn it Archyf op it spoar © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
"It wiene de earste oppakte joaden fan Ljouwert", seit Zeldenrust. "Se steane dan ek bekend as de earste martelaren. Dochs is it ferhaal der achter eins fergetten. Sa witte we noch altyd net wa't de buordsjes meinaam hat. It skynt om in learling fan de MTS te gean, mar wis is dat net."
Zeldenrust fynt it belangryk dat dit ferhaal dochs wer op de kaart komt. En dus hat er it inisjatyf naam foar de pleatsing fan in betinkingsboerd yn it Vossepark. Dat sil op 28 april oansteande offisjeel ûntbleate wurde. "Ik fyn it wichtich dat der sa'n betinkingsplak is. Want minsken moatte witte fan dizze skiednis fan de earste Joadske martelaren fan Ljouwert."
© HCL