Brân njonken reidfjild op De Lemmer

19 apr 2019 - 15:46

Oan de Dorawei by De Lemmer hat freedtemiddei in bermbrân west. Yn de buert fan de brân lei in fjild mei reid. In stripe fan 300 by 2 meter hat yn de brân stien. Brânwachtploegen fan De Lemmer en Balk ha derop ynset foar te kommen dat de brân oersloech nei it reidfjild.

Foto: De Vries Media

Yn hiel Fryslân jildt op it stuit faze 2 as it giet om risiko op natuerbrannen. Dat betsjut dat der mear kâns is op in natuerbrân as oars. Oarsaak dêrfan is de drûchte. De brânwacht ropt minsken op wach te wêzen.

(advertinsje)
(advertinsje)