Wurkstraf easke tsjin taksysjauffeur foar feroarsaakjen deadlik ûngelok

19 apr 2019 - 15:28

Tsjin in taksysjauffeur út Bontebok is in wurkstraf easke fan hûndert oeren, omdat er in deadlik ûngelok feroarsake hat. De man botste yn novimber 2017 op De Gordyk tsjin de auto fan in frou dy't krekt it terrein fan in túnsintrum ôfkaam. Se ferstoar op it plak fan it ûngelok.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De taksysjauffeur seit dat er de auto nea sjoen hat, hy tinkt dat de frou mei in needgong de dyk op riden is. Justysje tinkt dat de man sels te hurd riden hat. Dat docht bliken út de gegevens fan de airbagmodule. Dêrút koe de plysje ôflêze dat de taksy op it momint fan de botsing in snelheid hie fan tusken de 60 en de 65 kilometer.

De maksimum snelheid op it plak fan it ûngelok is 30 kilometer yn de oere. In kompjûtersimulaasje kaam út op in snelheid fan tusken de 40 en de 55 kilometer yn de oere. It slachtoffer ried neffens de plysje tsien kilometer yn de oere.

De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)