Wêr kinne wy dit wykein swimme yn de iepen loft?

19 apr 2019 - 15:25

De simmer komt deroan! Mei temperatueren dy't dit wykein oprinne kinne nei sels 23 graden, sille in soad minsken op syk gean nei simmerske aktiviteiten. Ien dêrfan is fansels in frisse dûk yn de iepen loft. Mar wêr kin dat yn Fryslân? Omrop Fryslân socht it foar dy út.

Swimme yn de simmer - Foto: Shutterstock.com

Om fuort mar te begjinnen mei de meast tagonklike swimlokaasjes yn ús provinsje: it bûtenwetter. Dat is fansels foar elk tagonklik, en faak ek tichteby. Der moat wol rekken mei hâlden wurde dat de temperatuer fan it bûtenwetter in stik kâlder is as yn de simmer. Om't it wetter noch gjin tiid hân hat om op te waarmjen, bliuwt de temperatuer fan de Noardsee op dit stuit stekken op sa'n fiif graden.

De Iselmar is krekt wat waarmer, mar mei in temperatuer fan tusken de sân as tsien graden is ek dat wetter in stik kâlder as dat minsken miskien ferwachtsje.

Hjir komt nochris by dat de lifeguards fan de KNRM noch net yn funksje binne. Sy begjinne pas op 6 july mei de kontrôles op de Noardseestrannen (op it Amelân wurdt twa wiken earder úteinset mei it wurk). Minsken dy't swimme wolle yn it wetter fan de Noardsee binne foar harren feiligens oanwiisd op de gewoane rêdingsboaten fan de KNRM.

Foto: Henk Bootsma

It is dreech om wat te sizzen oer de temperatuer fan de ferskate marren yn ús provinsje, mar it is wol dúdlik dat ek dêr it wetter noch in stik frisser is as midden yn de simmer. Tink der dus om!

Beheinde opsjes

In bettere, en feiligere opsje is om ien fan de bûtenbaden yn Fryslân op te sykjen. It probleem is hjirmei lykwols dat in grut part fan harren net dit peaskewykein mar takom wike de doarren iepen docht. Utsûndering dêrop binne de swimbaden fan Wommels en Haulerwyk. De Klomp en Haulewelle hawwe it goed útsocht om krekt yn dit simmerske wykein de earste swimmers wolkom te hjitten.

Yn Haulerwyk kinne minsken ûnder oare meidwaan oan de 'swimrin'. Hjirby wurde der earst baantsjes swommen, om dêrnei in rûte te hurdrinnen troch de bosk. Yn Wommels hawwe se ek in feestlike earste swimdei. Dêr mei dûkt wurde nei muntsjes en der is in springkjessen foar de bern.

Trefwurden: 
simmer waar swimbad swimme
(advertinsje)