Mei in betonnen plaat de greidefûgels rêde fan de hongerdea

Fryske boeren komme yn aksje om de greidefûgelpykjes te rêden fan de ekstreme drûchte. Dit dogge se nei de oprop fan it BFVW, it bûn fan de Fryske fûgelwachten. Tongersdei frege it bûn oan boeren en boargers om wat wetter op har lân of yn har tún te setten, om sa greidefûgels en benammen de jongen te rêden fan de hûngerdea. Ferslachjouwer Gerrit de Boer gie freed it lân yn om te sjen hoe slim as it der wier foar stiet yn de Fryske greiden.
Mei in betonnen plaat de greidefûgels rêde fan de hongerdea
Op guon plakken yn Fryslân liket it op it earste each noch net sa slim mei de drûchte. De sleat om in stik greide flak boppe Tytsjerk stiet grôtfol, en it liket der sels op dat er sa oerstreame kin. In pear stappen fierder it lân yn feroaret it byld lykwols fluch: dêr is it lân hageldrûch, en spikerhurd. It is in stik lân dat wol wat ekstra wetter brûke kin.
Boer Jos Lenes is eigener fan it stik grûn, en is nei de oprop fan it BFVW fuort yn aksje kaam om wetter op syn lân te krijen. Hjir en dêr binne de earste resultaten ek al te sjen: groppen dy't stadichoan fol wetter rinne, en lytse plassen hjir en dêr dy't de hurde ûndergrûn wer wat sachter meitsje moatte. "It liket no wol moai", fertelt Lenes. "Ik hoopje benammen dat de fûgels der dalik yndie profyt fan hawwe."

Ymprovisaasje

Rob Feenstra fan it BFVW wie tiisdei al eefkes op it lân fan Lenes en de skrik sloech him om it hert doe't er de tastân fan de grûn seach: "It wie hjir sa drûch as riis, krekt op it momint dat de aaien fan de ljippen en de skriezen útkomme." It lân fan Lenes is drok bewenne, mei tolve span ljippen, acht span skriezen en noch inkele tjirken. Krekt op dit soarte punten is it wichtich om fochtige grûn te kreëaren. "It sil je dochs net barre dat de fûgels omkomme fan de honger en de toarst!"
Om it wetter op it lân te krijen hat de agrariër provisoarysk besocht om in soarte fan slûske te meitsjen. "It is in âld stelconplaat dy't wy yn de sleat set hawwe, om sa it wetter tsjin te hâlden." Neffens Feenstra is Lenes net de iennige boer dy't him aktyf ynset om de greidefûgels te helpen: "In hiel soad neisoargers en boeren binne der al mei úteinset, mar der kinne altyd mear by, en der moatte ek mear by. Want de fûgels hawwe it al sa dreech, en dan soe dit jier al hielendal in ferlern jier wurde."
De drompel om de fûgels te helpen leit neffens Lenes eins net sa heech. Want it fochtiger meitsjen fan it lân hat mei dizze drûchte net fuortendaliks negative gefolgen foar it lân, allinnich as der dalik in oerfloed oan wetter fan boppe komt soe it eventueel gefolgen hawwe kinne.
© Omrop Fryslân
Harkje nei in reportaazje fan Gerrit de Boer