HEA! De skûtsjeloads yn Ljouwert
Yn de skûtsjeloads oan de Schilkampen yn Ljouwert is it allegearre drokte. Ferskate skûtsjes meitsje harren dêr op foar it nije sylseizoen. De mêsten wurde op set, de swurden te plak hongen en it túch fêstmakke. En de ferskillende bemanningen helpe inoar dêr ek by. Sa kin der nei ôfrin gesellich in pilske mei-inoar dronken wurde.