Freonen en kollega's betinke Verhoeff: "It fielt oft der in stikje skiednis klear is"

Freonen en kollega's út de filmwrâld en dernjonken reagearje ferslein op it ferstjerren fan âld-Lemster en regisseur Pieter Verhoeff. Se seagen it net oankomme. "Hy wie altyd sa enerzjyk", sizze se.
© ANP

Aktrise Joke Tjalsma hat lang mei de regisseur wurke: "It fielt oft der in stikje skiednis klear is"

Joke Tjalsma hat op har 21e foar it earst mei Pieter Verhoeff wurke. Se spile in rol yn syn film De Dream. Hy wie yntusken ek in freon fan har wurden. Se wennen ticht by inoar en se kaam op syn jierdeis. Se wie ek op syn lêste jierdei en dêr is se hiel bliid om.
Se fynt it fertrietlik dat hy ferstoarn is en dat hie se ek net tocht. "Ik tocht dat hy wol 100 wurde soe. Hy hie sa'n soad enerzjy, hy wie in stik âlder as ik, mar ik wist soms net wêr't hy it weihelle. It hâlde nea op."
Hy wurke op it stuit noch oan in dokumintêre oer de Fryske keunstner Andries Deinum, as dat klear wie soe hy wol wer mei wat nijs begjinne.
Joke Tjalsma
Verhoeff wie noch hieltyd oan it wurk, ek al koe hy neffens syn âldens al lang mei pensjoen. "Hy wurke op it stuit noch oan in dokumintêre oer de Fryske keunstner Andries Deinum, dêrfoar wie hy koartlyn noch nei Amearika west. As dat klear wie soe hy wol wer mei wat nijs begjinne", seit Tjalsma.
Se hearde no dat Verhoeff siik wie, dat mocht net ien witte. Akteur Michiel Romeijn wist it, mar mocht it net ien fertelle. "Ik hearde earst dat hy yn it sikehûs lei en dat er de hândoek yn de ring goaie woe. De oare dei wie er al ferstoarn."
Se wurdearre benammen syn entûsjasme en gedrevenheid. "As ik mei him oan it wurk wie, dan wie ik bliid, hy wie sa motivearre en woe ek echt in ferhaal fertelle. Bygelyks De Dream, dat wie in sosjaal begiene film, dan wurdst fansels entûsjast en motivearre. Ik wie grutsk dat ik him koe, it wie sa'n fijne man."
Mei syn wurk hat hy Fryslân op de kaart setten, lykas mei syn Fryske film de Dream en de searje De Fjoertoer. "It binne dan Fryske produksjes, mar se hawwe ynternasjonaal alluere."
Joke Tjalsma

Ald-wethâlder Wietze de Haan: "In soan fan De Lemmer is ferstoarn"

Verhoeff wie in echte Lemster. De Haan koe Verhoeff as doarpsgenoat. "Hy hie wat mei De Lemmer, hy is der berne. Hy is nei Amsterdam gien, om't hy foart flechte fan it beklemmende fan it lytse doarp. Dat seagen je werom yn De Fjoertoer. Mar mei de Lemster wike dan kamen je him wer tsjin."
Mei tank oan Verhoeff stiet dy fjoertoer no wer op De Lemmer. De Haan seach in advertinsje dêr't Verhoeff op 'e syk wie nei in fjoertoer, om't hy in serie meitsje woe oer De Lemmer.
"Doe ha ik betocht oft it net wat wie om die fjoertoer nei de opnamen nei De Lemmer te heljen. Ik ha Pieter doe belle en hy sei: 'dat ding gean we net bouwen, we meitsjen in ding earne yn in studio en dêr spylje wy dan in'."
Mei stipe fan it kolleezje ha it bedriuwslibben, de gemeente, De Haan, Verhoeff en oaren der lang om let foar soarge dat de fjoertoer makke waard. Alde tekeningen dy't der noch fan de fjoertoer wiene, binne opsocht yn it gemeentehûs. "Hy is neimakke, brûkt yn de film en dêrnei op in pream nei De Lemmer brocht."
Verhoeff wie neffens De Haan in aimabele en fitale man, mei in kreative geast.
Wietse de Haan
Wietze de Haan makke in gedicht oer Verhoeff
In soan fan De Lemmer is ferstoarn. De film fan syn libben is no klear.
De rezjy dy't hy yn hannen hie, hat hy oan oaren jûn.
It 'cut' sil net mear út syn mûle komme. De lêste scene kin net op 'e nij.
De dea is dat is it lêste bedriuw dêr't hy yn spylje mocht.
In soan fan De Lemmer is ferstoarn. De kleur dy't hy brocht yn it byld.
Lit minsken spegels sjen. Brocht fernijing yn kultuer en hat De Lemmer nea fergetten.
Hy rêst yn frede en wurdt net ferjitten.

De Fryske regisseur Mirjam de With: "It is in gemis foar de Nederlânske film"

De Fryske regisseur Mirjam de With hie ek in bysûndere bân mei Pieter Verhoeff, hy wie in mentor foar har. As 14-jierrige die De With audysje foar de film Nynke en sa is sy yn kontakt kaam mei Verhoeff.
"Ik ha doe foar Omrop Fryslân de searje De Keet makke, doe ha ik him frege oft hy my begeliede woe. Dêrfoar hie ik ek al in pear kear hiele moaie petearen mei him oer film. Hy koe sa ynspirearjend oer film praten, dat ik tocht: as ik in Fryske searje meitsje, dan is hy echt de perfekte mentor."
Verhoeff learde De With hoe't je mei film in ferhaal goed fertelle kinne. "Hy fertelde my bygelyks, dat ast hiel universeel minsken reitsje wolst, moatst it ferhaal sa lokaal mooglik fertelle. It wie in hiel goede regisseur. Ik ha echt respekt foar syn wurk."
De With seach it ferstjerren fan Verhoeff net oankommen. "Ik bin hiel bot skrokken. Hy wie noch sa enerzjyk, gie oeral noch hinne. Ik seach him noch regelmjittich op filmfeestjes. Nei syn pensjoenleeftiid hat er noch grutte dingen dien, lykas foar Netflix en de film Brief voor de koning. It is in gemis foar de Nederlânske film."
Mirjam de With