Op 'e nij heale finale foar Sander Arends yn Azië

19 apr 2019 - 13:42

De Ljouwerter tennisser Sander Arends hat de heale finale berikt fan it challengertoernoai fan Anning. Op it gravel yn Sina wie hy, tegearre mei syn fêste dûbeldmaat Tristan-Samuel Weissborn, mei 6-3 en 7-5 te sterk foar Kamil Majchrzak út Poalen en Toshihide Matsui út Japan.

Foto: www.orange-pictures.nl

Ferline wike wie der ek al sukses foar Arends en Weissborn yn Azië, doe hellen se de finale yn Taipei. Yn it Sineeske Anning binne de omstannichheden lestich. Der wurdt spile op 2200 meter hichte, en der stiet al de hiele wike in hurde wyn oer de gravelbaan. Dêrtroch gie de winst yn de kwartfinale nei it duo dat dêr it bêste mei omgean koe.

Bekende tsjinstanners yn de heale finale

Arends en Weissborn spilen nettsjinsteande de wyn goed en deeglik, en makken yn beide sets ien break mear as harren tsjinstanners. Dat wie genôch foar de winst. Yn de heale finale binne de Nederlanner David Pel en Hans Podlipnik-Castillo út Sily de tsjinstanners.

Dat binne gjin ûnbekenden foar Arends. Earder dit jier spile hy mei Pel as dûbeldmaat it grutte wrâldtennistoernoai fan Rotterdam. Mei Podlipnik-Castillo spilet Arends simmerdeis yn de Bundesliga foar de Rochusclub út Düsseldorf.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(Advertinsje)
(Advertinsje)