Auto en karavan brâne folslein út op N31 by Ljouwert

19 apr 2019 - 13:00

Op de tarit fan de N31 by Ljouwert-Noard is in auto mei in karavan yn de brân flein. De twa ynsitters koene op 'e tiid út de auto komme, mar se koene net foarkomme dat de auto en karavan folslein útbrânden.

Der lykje gjin ferwûnen te wêzen. Wol is it in gaos op de dyk, troch it skom dat de brânwacht brûkt hat by it útmeitsjen fan de brân. De brân is ûnder it riden ûntstien yn de kofferbak fan de auto. Omstanners ha noch besocht de karavan los te keppeljen fan de auto, mar dat wie te let.

It ferkear kin by Ljouwert-Noard de N31 net op yn de rjochting fan It Hearrenfean/Drachten. Ut Dronryp wei kinst de ôfrit fan de N31 by Ljouwert-Noord ek net op. Dêr steane blusweinen.

De reek fan de brân wie yn de wiide omjouwing te sjen - Foto: Nikki Jepkema
Trefwurden: 
brân N31 Ljouwert-Noard
(advertinsje)