Fandalen ferniele massaal beammen op De Harkema

19 apr 2019 - 12:21

De beammen op 'e Harkema hawwe it swier. Yn de earste moannen fan dit jier is der foar dik 600 euro oan skea oanrjochte oan it grien yn it doarp. Dit docht bliken út in inventarisaasje fan de gemeente.

Foto: Atze van der Ploeg

Yn it ôfrûne wykein wie it wer raak. Yn de omjouwing van sporthal De Fûgelkamp waarden beammen fernield. Ek sneuvele der yn dy buert in spegel fan in auto. Yn deselde nacht - fan sneon op snein - waard op it parkearterrein by de supermerk Poiesz oan de Bouwe Harkemastrjitte ek noch mei in stien it foarrút fan in auto stikken smiten.

Yn de ôfrûne jierren hat it fandalisme yn it doarp de gemeente inkelde tûzenen euro's koste. Dêrby wiene faak nij oanplante beammen it doelwyt.

Trefwurden: 
De Harkema beammen
(Advertinsje)
(Advertinsje)