FNP wol opheldering oer finansjele problemen Weidumer muzykferiening

19 apr 2019 - 11:12

De fraksje fan de FNP yn Ljouwert makket him soargen oer de finansjele problemen fan de muzykferiening yn Weidum.

Harmonie Weidum yn aksje by it simmerkonsert 2018 - Foto: Piet Douma

Troch de weryndieling mei Ljouwert krijt De Harmonie gjin subsydzje mear fan de gemeente. Fan de âld-gemeente Littenseradiel krige de muzykferiening in jierlikse subsydzje. Der is wol jild út in spesjaal doarspbudzjet, mar dat is folle minder as dat De Harmonie krige.

De FNP wol witte oft de gemeente de Weidumer muzykferiening ek yn de mjitte komme kin. En de fraksje wol witte oft der mear ferienings en organisaasjes binne dy't yn de knipe kaam binne as gefolch fan de weryndieling.

(advertinsje)
(advertinsje)