131 wenten De Lemmer enerzjysunich makke

19 apr 2019 - 11:09

131 wenten yn de Lemster wyk Rienplan binne enerzjysunich makke. De earste huzen waarden yn it begjin fan de jierren 60 boud. Wenningkorporaasje Lyaemer Wonen hat se no by de tiid makke.

Foto: Lyaemer Wonen

Lyaemer stjoerde de bewenners fan de wyk in brief mei de plannen foar renovaasje. It wie net ferplicht om mei te dwaan, mar elkenien hat meidien. Neffens Yeb Tiemensma fan Lyaemer giet de hier no mei 15 euro de moanne omheech, mar besparje de bewenners fan de renovearre huzen 40 euro op de enerzjyrekken.

Sa binne der nije, isolearre, dakken kaam mei sinnepanielen, in nije flier, nije dakruten en in nije cv-tsjettel. Alle 131 wenten ha no it enerzjylabel A.

(Advertinsje)
(Advertinsje)