Fassinearre troch it gefjocht tusken minske en natuer, nije keramykeksposysje
Yn it keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert set dit wykein in eksposysje oer grutte skippen fan keramyk útein. In hiel aktueel ûnderwerp, sa beseft de keunstner Tilmann Meyer. Mei de kontenerramp by de Waadeilannen noch yn 'e efterholle.
Nije tentoanstelling Keramiekmuseum
Der binne bygelyks tankers, cruiseskippen en kontenerskippen te sjen. Meyer wol mei de eksposysje 'Volle kracht vooruit' foaral de tsjustere kanten beljochtsje fan de skipfeart op folle see. Meyer wurket rap, wêrtroch't syn wurk skeef is en skuorren hat, lykas yn de realiteit. Hy is fassinearre troch de ynfloed fan de natuer.

Wendy Kennedy
Wendy Kennedy folget alles wat der bart op it mêd fan kultuer yn Fryslân.