Kollum: "Earme sielen"

19 apr 2019 - 08:19

"Okee, 5G. Ferline wike ha ik it al neamd en om my hoecht it net mar it sil der dochs wol fan komme. Ik ha der yntusken in soad oer opsocht en ik ha ek besocht my te ferdjippen yn 'e saneamde nanotechnology. Nano betsjut superlyts en it skynt de meast opwinende en hurdgeande wittenskip te wêzen.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Natuerkundigen kinne sels nanostrukturen meitsje èn nanobots. Dat binne lytse robotten dy't bygelyks sykten op spoare kinne yn it liif. Neffens Google topman Ray Kurzwell sil dat yn 'e takomst seker barre en hawwe se al suksesfolle eksperiminten dien op bisten.

Nanotechnology is aanst oeral want it sit yn it iten, yn 'e loft, miskien wol yn faksinaasjes en posityf besjoen, soe it ús dus helpe kinne om sûn te bliuwen en âld te wurden. Mei de nanotechnyk soest bygelyks folle sekuerder in medisyn yn dyn bloedbaan ôfjaan kinne, mar dizze technology is net lichemseigen.

It is in foarm fan biohacking. Dat is in sammelnamme foar alles op it gebiet fan it ferbetterjen fan de minsk mei help fan technology. No sjoch, ferbetterje kinne en wolle we wierskynlik allegear wol. Ast bygelyks tinner wurde wolst, ytst aanst allinnich noch mar iten mei nanodieltjes dy't fia in app melding meitsje wannear't de fetsellen op dyn heupen sitten gean en warskôgje datst genôch hân hast.

It wurdt in kwestje fan 'U vraagt, wij draaien.' En al dy nanotechnology hinget aanst ek nochris oan it 5G, dus dan giet it as it slydjaget. Ast allinnich mar tinkst datst immen belje wolst, dan kriget dyjinge al telefoan en ast oan seks tinkst, stiet de DHL al mei in pretpakket fan Durex op 'e stoepe.

Dy hawwe in nije reklame, foar de drûge dagen. It is gjin waarfoarsizzing mar in glydmiddel. Soks hoecht aanst ek net mear want dan bringst gewoan in nanotampon yn en dy rêdt him mei it klimaatprobleem. Alles wat se no útfine, is foar ús eigen wolwêzen en de mooglikheden binne ûneinich.

Mar dochs; oeral wurdt misbrûk fan makke troch minsken dy't gjin goede bedoelingen hawwe en út binne op macht. Stel dat de technology yndied aanst safier is. Hast alles moai op streken en komst in keardel tsjin dy't dy fersiere wol, mar hast gjin ferlet. As hy no in handige Harry is efter de kompjuter, dan kin er dy miskien wol hacke want dat hawwe se mei de smartcars ek al dien. En wat nano sûn meitsje kin, kin nano grif ek siik meitsje.

As dyn brein, dyn DNA en alles wat dy leaf is aanst ferbûn is oan it AI, it Artificial Intelligence, hoe kwetsber bist dan úteinlik? En sokke dingen freegje ik my ôf want wy binne Godlike wêzens fan it AL en ik wol hielendal net dat myn biologyske systeem hackt wurdt en myn ferstân oan in cloud hinget. Ik wol frij wêze, frij bewege en frij tinke kinne. Mar wat stelt dy frijheid yn 'e takomst noch foar?

Yn 'e smartcar nei de smartmarket om in pak bananocakemiks mei it ferstân oan de Cloud en de siel ûnder de earm. Want dy siel, dêr lês ik eins neat oer dus miskien is dy aanst wol 'for sale'. Wy binne frije geasten. Us emoasjes meitsje ús minsklik en unyk mar as it safier komt dat we inoars gedachten lêze kinne fia ien of oare app dan is de bear los!

Ferbûn oan it Internet of Things binne de mooglikheden dus ûneinich mar wurdt ús wiere wêzen grif beheind. Dan binne wy miskien aanst stel programmearre banano's oan in nanobeam yn de technologyske jungle. Fuort frije Friezen! Mar hé, aardich dochs, dat 5G?"

(advertinsje)