Seldsume oarlochslokomotyf foar Noardwâlde

19 apr 2019 - 06:38

Noardwâlde hat in seldsume lokomotyf krigen. De tram NS164 is skonken troch it Oarlochsmuseum oan it doarp en sil restaurearre wurde.

It histoaryske erfgoed ried yn in perioade koart nei de Twadde Wrâldoarloch tusken Easterwâlde en Stienwyk mei in halte yn Noardwâlde. De NS164 hat in rike histoarje. Hy is yn Ingelân makke foar transporten op de D-Day strannen fan Normandië by de ynvaazje. Letter ferfierde er in soad rotan meubels troch Fryslân.

Tsientallen minsken seagen tongersdei, hoe't de âlde lokomotyf fan it Oarlochsmuseum Overloon yn Noard-Brabân oankaam yn Noardwâlde. Dat de tram dy't tusken 1947 en 1958 tusken Easterwâlde en Stienwyk ride en no wer werom is, joech in feestlike stimming.

Foto's: Stichting 162

De NS164 hat tsien jier by it oarlochsmuseum stien en hat gjin motor. It flechtmuseum en it Doarpsargyf sille de restauraasje begeliede mei help fan de gemeente en frijwilligers. En ek om foar de 7 ton swiere NS164 in goed plak te finen. It tramstasjon by it flechtmuseum is in winsk fan guon ynwenners.

Trefwurden: 
Noardwâlde oarloch lokomotyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)