Falsk jild yn Drachten

19 apr 2019 - 06:04

De plysje hat tongersdei yn Drachten twa minsken oppakt. Se wurde der fan fertocht mei falsk jild betelle te hawwen. It giet om briefkes fan fyftich.

Foto: ANP

De plysje krige meardere meldingen fan falske briefkes fan út it sintrum fan Drachten. De plysje warskôget der op Twitter foar dat dat de kommende tiid noch faker foarkomme kin.

Trefwurden: 
Drachten falsk jild
(advertinsje)