Powerkolleezje: Wie it ynsest of net wat politikus Onno Zwier fan Haren die?

18 apr 2019 - 22:17

Wie it ynsest of net? Suksesfol politikus Onno Zwier van Haren waard beskuldige fan ynsest by twa fan syn dochters. Earst bekende er, mar letter luts er syn bekentenis yn. Wat soe der spile hawwe? Op dy fraach jout Bert Looper fan Tresoar antwurd yn syn powerkolleezje.

Powerkolleezje Tresoar: Skandaal Onno Zwier van Haren

Ien fan de grutste net oploste saken yn Fryslân

Ien kear yn 'e moanne komt Looper del yn Fryslân Hjoed om histoaryske fragen út de Fryske skiednis dêr't noch gjin antwurd op is, te behanneljen. Dizze kear: Onno Zwier van Haren.

Onno Zwier van Haren wie yn de 18e iuw in belangrike spiler yn de Nederlânske polityk. Looper: "Yn de Steaten Generaal wurdt er ien fan de machtichste manlju fan Fryslân yn Den Haag." Yn dy tiid hie Fryslân in soad macht yn Den Haag. "De Friezen, ek wol 'it Fryske kabaal' neamd, hawwe in grutte ynfloed yn Den Haag. Dan sjochst dat se dochs besykje dy hiel machtige Friezen derút te wurkjen. Dan fermingt dat mei de famyljeskiednis", seit Looper.

Van Haren waard beskuldige fan ynsest mei twa fan syn dochters. Earst joech er it ta, mar nei in jier betinkt er him en komt er werom nei Den Haag. "Dan binne de rapen gear. Want hy mei der net mear komme. Dat wie de ôfspraak yn in geheim ferdrach. En dan eksplodearret dat", fertelt Looper. Der ûntstiet in juridysk gefjocht.

Waarom zou ik me aan deze onaantrekkelijke dochters willen vergrijpen?

Onno Zwier van Haren oer syn dochters en de beskuldiging fan ynsest

Van Haren stelt in 'deduksje' op, om himsels frij te pleitsjen. Dêrby jout er hiel bot ôf op syn dochters. "Waarom zou ik me aan deze onaantrekkelijke dochters willen vergrijpen, de een verschrikkelijk door de kinderziekte aangetast, met bloeddoorlopen ogen en stinkvoeten, de ander ziekelijk, zelfs nog niet huwbaar en sinds 11 jaar lijdend aan een zwaar ongeluk?"

Van Haren besiket fan de saak ôf te kommen en giet wer nei it Hôf fan Fryslân. Uteinlik wit ek it Hôf fan Fryslân net seker oft Van Haren skuldich is oan it misbrûk. Mar syn namme is sa oantaast dat er himsels foar altyd weromlûkt yn Wolvegea.

Onno Zwier van Haren troch Jean Fournier. - Foto: Publyk Domein

Belangrike skriuwer

Yn Wolvegea stoart Van Haren him op it skriuwersfak. Hy wurdt in wichtich skriuwer en is suksesfol. Ek lettere skriuwers hawwe bewûndering foar him. Yn de 20e iuw besykje ferskillende skriuwers de saak te rekonstruearjen en te ûntdekken oft Van Haren skuldich wie of net. Dat slagget net. Sa is ien fan de grutste skandalen yn de Nederlânske polityk noch altyd net opheldere.

Looper leit mei syn ferhaal de link mei it hjoeddeistige ynternet en de digitale skandpeal. "We tinke dat it no rûch giet, mar yn dy tiid gong it der ek om wei. En dat relativearret miskien ek wol wat de ynfloed fan de sosjale media. Doe gie it mei papier en pamfletten, mar it gie der wol om wei."

(Advertinsje)
(Advertinsje)