Muzyk as medisyn yn it MCL: muzikanten spylje by it bêd

18 apr 2019 - 22:02

Yn sikehûs MCL yn Ljouwert wurde tenei sikehûskonserten jûn oan kankerpasjinten. Dat moat derfoar soargje dat de minsken harren in bytsje better fiele. De muzyk wurdt makke troch profesjonele muzikanten. Se jouwe yntime konserten oan it bêd fan de pasjint.

Bedside Buskers

It projekt hat de namme Bedside Buskers. Dat is it Ingelske wurd foar strjitmuzikant. It is basearre op in konsept út Amearika. Mei muzyk oan it bêd wurdt besocht de sfear op te fleurjen. Carla Bellers fan it MCL: "Het is heel erg positief voor de patiënten. Het sterkt de veerkracht. Dat hebben ze nodig, zeker in deze kwetsbare periode." De muzikanten komme ien kear yn de trije wiken del, op tongersdeis.

"Emoasje is libben"

Roel en Afke binne de muzikanten dy't by de keamers del gean. De muzyk dy't se spylje, soarget foar in soad emoasjes. Bygelyks by Annie van Borkulo: "Emoasje is ek libben. Net ien leit foar syn lol yn it sikehûs." Van Borkulo fynt it in geweldich inisjatyf: "It docht jo sa goed as jo hjir lizze. It is efkes wat oars. No komt der ien spesjaal nei dy ta rinnen mei muzyk dêr't je fan hâlde. Dat is echt fijn, folle better as al dy ûndersiken."

Marjan Seefat is haad fan it Onkologysk Sintrum fan it MCL: "It is prachtich dat we dit dogge. Jo sjogge de emoasjes. Blide emoasjes en ek oaren, fan minsken dy't hast ôfskied nimme moatte. Sa kinne wy tichtby de minsken wêze. Dat is tige wichtich, benammen as se sa oan fjochtsjen binne foar harren libben. Dat ferjitte we wolris."

Trefwurden: 
muzyk kanker MCL
(advertinsje)
(advertinsje)