Geart de Vries oer Pieter Verhoeff: "Pieter koe hiel goed Fryske emoasje oerbringe"

18 apr 2019 - 21:54

Pieter Verhoeff wie in Lemster Amsterdammer dy't altyd weromkaam nei Fryslân. Hy wist de 'Fryske emoasjes' goed oer te bringen yn syn films. Dat seit Geart de Vries fan it Histoarysk Sintrum Ljouwert. Yn syn foarige baan, dokumintêremakker by Omrop Fryslân, hie er in soad kontakt mei de woansdei ferstoarne regisseur.

Earste jûnfoljende Fryske spylfilm

Geart de Vries: "Pieter Verhoeff makke mei De Dream yn 1985 de allerearste jûnfoljende Fryske film. Hy hie dêrfoar al tal fan dokumintêres makke. Syn eardere film oer IJje Wykstra 'Het teken van het beest' wie Hollânsktalich, mar it spile him wol ôf op it grinsgebiet tusken Fryslân en Grinslân. De film giet oer de man IJje Wykstra dy't fjouwer plysjes deaskeat. Mei it Frysk festival yn 1985 waard Pieter Verhoeff binnenhelle om in Fryske spylflm oer de Hogerhuissaak te meitsjen. Dat waard De Dream. Dy film wie in grut sukses en hy wûn er Gouden Kalveren foar. As er in film oer Fryslân makke, dûkte er altyd de skiednis yn, mar hy wist de emoasje ek goed oer te bringen. Dêr wie er in kanjer yn."

Lemster folksjonge

"Pieter groeide op op De Lemmer. Hy is in echte Lemster folksjonge, Yn syn film De Fjoertoer sjocht er werom op syn jonge jierren yn de '40 en '50 doe't er dêr wenne. In soad dingen komme werom dy't foar dy generaasje hiel werkenber binne. Sa komt der ien út Nederlânsk-Ynje werom. En de emigraasje spilet ek in rol. De Lemmer wie eartiids in hiel oar plak as no. Hoe't it doe wie, wit Pieter prachtich te ferbyldzjen. Dat komt ek troch de moaie muzyk spesjaal komponearre foar de film troch Cees Bijlstra. Letter keas Verhoeff ek oare tema's út Fryslân om te ferfilmjen, lykas Nynke, oer de frou fan Pier Jelles Troelstra, Nynke van Hichtum."

"Hy hie in soad films makke oer Nederlânske tema's. Hy hat ek boekferfilmingen dien, dêr't er suksesfol mei wie. Mar hy hat ek in soad dokumintêres makke. Pieter is ek de útfiner fan Jiskefet. In hield soad minsken witte dat net, mar sa'n rare titel as 'jiskefet' kaam by him wei. De spilers fan Jiskefet wiene syn maten. Pieter hat Jiskefet it earste jier ek sels regissearre. Op in stuit gie er oer op spylfilms en dêr krige er ek sukses mei.."

"Pieter kaam altyd werom nei Fryslân"

"Opfallend is dat Pieter altyd weromkaam nei Fryslân. Hy wie in soad yn it Westen. Hy wie in echte Amsterdammer wurden, want hy siet yn it wrâldsje fan de VPRO, mar kaam altyd werom nei Fryslân, yn syn films, mar ek yn dokumintêrers. Sa hat er dokumintêres makke oer de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga, oer aktrise Dette Glashouwer fan Hylpen, en oer komponist Cees Bijlstra. Dat wie syn húskomponist dy't hjoed op de dei ôf fyftjin jier ferlyn hommels ferstoar. Ik haw it der wol mei Pieter oer han, mar it wie dochs in ekstra emoasje, haw ik it idee", fertelt Geart de Vries. "Hy begûn ek altyd yn it Frysk te praten. Yn dat Lemsters fan him. Hy koe him yn it Frysk it bêste uterje."

Pieter Verhoeff hat ek fan grutte betsjutting west foar Omrop Fryslân. Doe't de foarrinner fan Fryslân DOK opkaam, hat hy holpen mei advizen en begelieding,

(advertinsje)
(advertinsje)