Goalie Martijn Oosterwijk (28) werom nei UNIS Flyers

IIshockeyklup UNIS Flyers hat in nije goalie foar takom seizoen: Martijn Oosterwijk. De 28-jierrige Oosterwijk komt oer fan de Sweedske klup Visby/Roma, dat dêr op it tredde nivo aktyf is. De Flyers sochten in nije goalie, om't Sjoerd Idzenga ophâldt.
Martijn Oosterwijk spile yn 2015 ek al by de Flyers © www.orange-pictures.nl
Oosterwijk spile tusken 2011 en 2015 ek al foar de Flyers. Dêrnei gie er nei Tilburg Trappers yn de Dútske Oberliga. Twa jier letter makke er de oerstap nei Visby/Roma yn Sweden. Hy sjocht no út nei syn weromkomst nei de Flyers: "Ik heb het altijd ontzettend goed naar mijn zin gehad bij Flyers. Nu deed de kans zich voor om terug te keren en die wil ik graag pakken."
Nei't er by de Flyers fuortgie yn 2015, is er de klup folgjen bleaun. "Ik heb een aantal goede vrienden bij UNIS Flyers waar ik regelmatig contact mee heb", fertelt er. "Ook met coach Mike Nason heb goed contact onderhouden. Het gevoel bij de club is altijd positief gebleven."