It gebou fan Nij Ylostins is op, mar de âlderen fan Drylts wolle net fuort

18 apr 2019 - 18:21

Bewenners fan it appartemintekompleks Nij Ylostins yn Drylts wolle leaver net ferhúzje. Mar it liket derop dat se gjin oare kar hawwe. Wenningkorporaasje Elkien wol it kompleks slope omdat it te âld en te djoer is om op te knappen.

De goed tritich bewenners, fan wa't de measten boppe de tachtich binne, hawwe it oer it algemien tige nei it sin yn Nij Ylostins. De omjouwing en it útsjoch binne prachtich en de minsken sykje inoar yn de mienskiplike romtes alle dagen op. Benammen de tachtigers en njoggentigers giene derfan út dat dit harren lêste thús wêze soe. Mar dat sit der net yn.

Ferrotte liedingen

Neffens Harro Eppinga, direkteur fan Elkien, kin de wenningkorporaasje net oars. De technyske steat fan it gebou is min en de brânfeiligens kin net garandearre wurde mei it each op de moderne easken. Ek oan de liedingen ûnder de flier moat tefolle dien wurde. Dêr is it hielendal ferrotte, seit ien fan de bewenners.

Johan Krol, bestjoerder fan soarchferliener Patyna, befêstiget dat it gebou net mear fan dizze tiid is. Foar de soarchferlieners is it dêrtroch dreech om harren wurk te dwaan.

Foto: Omrop Fryslân

Graach wer yn Drylts

Eppinga begrypt de soargen fan de bewenners en seit dat der alles oan dien wurde sil om harren temjitte te kommen by it sykjen fan in nij ûnderkommen. Elke bewenner krijt ek sa'n 6200 euro mei foar de ferhuzing. Wêr't de minsken hinne moatte, is op dit stuit noch net dúdlik. Ien fan de bewenners, Pieter Andela, wit dat der bewenners binne út Drylts dy't absolút net fuort wolle. Oft sy der eventueel wurk fan meitsje wolle, is noch net dúdlik.

Bewenner Pieter Andela - Foto: Omrop Fryslân

Harkje nei ferslachjouwer Gerrit de Boer oer de situaasje by Nij Ylostins

Trefwurden: 
Drylts Ylostins
(advertinsje)
(advertinsje)