Dokterswacht hâldt spesjaal neednûmer ek iepen yn peaskewykein

18 apr 2019 - 18:17

De Dokterswacht Friesland is sûnt tongersdeitemiddei fiif oere wer telefoanysk berikber op it reguliere nûmer 0900-1127112. De steuring leit by Ziggo en de dokterswacht is der net hielendal wis fan dat de telefoansteuring definityf foarby is. Mei it drokke peaskewykein foar de doar bliuwt it spesjale kalamiteitenûmer 088-1181794 ek iepen.

Dokterswacht Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It neednûmer bliuwt fan krêft oant tiisdeitemoarn acht oere. By libbensbedriigjende situaasjes moatte minsken belje mei it alarmnûmer 112. Yn it gefal fan twivel en medysk advys ferwiist Dokterswacht Friesland nei www.thuisarts.nl of nei de app 'Moet ik naar de dokter'.

Dokterswacht Friesland ferlient jûns, nachts, yn it wykein en mei de feestdagen soarch dy't húsdokters jouwe. Alle Fryske húsdokters binne dêrby oansletten, útsein de dokters op de Waadeilannen. De fiif húsdokterposten sitte yn Ljouwert, It Hearrenfean, Drachten, Dokkum en Snits.

(Advertinsje)
(Advertinsje)