Twa jier sel foar oerfal op pizzakoerier

18 apr 2019 - 17:20

In 21-jierrige Frjentsjerter dy't yn novimber ferline jier in pizzabesoarger yn Wergea oerfoel, moat twa jier de sel yn. Mei trije oaren oerfoel er de pizzabesoarger ûnder bedriging fan in fjoerwapen. Se namen syn auto mei.

Foto: ANP

Ien fan de oare dieders moat 112 dagen de sel yn. By him hat de rjochtbank it jeugdstrafrjocht tapast, op advys fan in psycholooch en de reklassearring. Njonken de 112 dagen finzenis, krijt er ek 350 dagen selstraf ûnder betingst.

De twa oare dieders, fan 16 en 17 jier, giene der mei de auto fantroch. Nei in wylde efterfolging waarden se op It Hearrenfean oanholden. De plysje hie dêrby sketten.

(advertinsje)