Der komt in ein oan it 'omfytsen' by Bûtenpost

Nei jierren fan praten wurdt ein dit jier in begjin makke mei de oanlis fan in fytstunnel ûnder de spoarbrêge fan de Strobossertrekfeart troch.
© Bûtenpost
Fytsers moatte no noch in flink stik omride. Dat komt om't de eardere fytsrûte ferdwûn is troch de oanlis fan de eastlike rûnwei om Bûtenpost hinne, sân jier lyn. Mei de fytstunnel komt de âlde ferbining wer werom.
Neffens de gemeente Achtkarspelen kin de oanlis fan 't hjerst los. Wol moat spoarbehearder ProRail it ûntwerp en de begrutting noch goedkarre. De oanlis kostet goed 360.000 euro.