Hammy en Spekky bestride beareklau yn Ljouwerter Bosk

Der wiene al Skotske Heechlanners, reeën en tal fan soarten fûgels, mar yn de Ljouwerter Bosk, oan de noardkant fan de stêd, rinne sûnt woansdei ek twa bargen om. Yn in stikje lân, ôfset mei skriktried, binne de twa barchjes loslitten om de beareklau te bestriden. It giet om in proef fan de gemeente Ljouwert.
© Screenshot
Sûnt ferline jier stuts de gemeente folle mear enerzjy yn de bestriding fan planten dy't net yn de natuer thúshearre en dy't de oare planten folslein oerwoekerje. De gemeente docht op it stuit mear proeven om de beareklau te bestriden. Sadwaande dat Hammy en Spekky, want sa hjitte se, yn de Ljouwerter Bosk no sjen litte wat se kinne.
De bisten komme út Nyegea, op inisjatyf fan fernijingsadviseur Geert Draaistra fan de gemeente Ljouwert. Dy wennet sels yn Nyegea en hat de bargen liend fan in doarpsgenoat. It doel is dat de proef mei de bargen in pear moanne duorret.
© Pixabay
"Al tinkewei binne wy derop kaam om bargen yn te setten. Beareklauwen hawwe altyd in soad sied. It kin wol sân jier duorje foardat al dat sied ta bloei kommen is. Wy hoopje dat de bargen dat proses wat rapper ferrinne litte kin. Moatst by de bestriding 'de kearnen fan de plant' te pakken krije en dat falt net ta. Kinst der dreech by komme", leit Draaistra út. "Bargen wrotte de grûn om en soargje derfoar datst fan bûten nei binnen ta wurkest, nei de kearn fan de beareklaubegroeiïng."
Bestriding fan de beareklau mei bargen is yn Fryslân net earder dien, mei skiep wol. Draaistra: "Moatst der betiid yn it seizoen by wêze, want letter wurdt de begroeiïng houterich en wolle se der gjin bek mear op sette. Dus de planten moatte iten wurde as se noch jong binne. Mei dit moaie waar groeie de planten rap. De bargen moatte de begroeiïng koart hâlde."
Talent Centrum Fryslân hat in hokje boud foar de bargen en omwenners hawwe nocht oan de bisten. Sy hâlde de bisten yn de gaten. De barchjes komme út Nyegea. Binne it dan strikt sjoen ek gjin eksoaten? Draaistra laket: "As jo it pleatslik besjogge, dan wol. Mar it binne noflike bisten. Der sit gjin kwea yn en de bern fine it hiel moai."