KNVB grypt yn: Hearrenfean slút seizoen ôf op besite by Utrecht

18 apr 2019 - 16:02

Sportklup Hearrenfean slút it seizoen ôf op woansdei 15 maaie op besite by FC Utrecht. Dizze wedstriid wie earst de ien-nei-lêste wedstriid, mar wurdt troch fuotbalbûn KNVB ferskood omdat Ajax troch is nei de heale finale yn de Champions League.

Michel Vlap en Willem Janssen - Foto: www.orange-pictures.nl

AFC Ajax moat op 30 april út nei London om dêr de heale finale fan de Champions League te spyljen tsjin Tottenham Hotspur. Yn de gewoane sitewaasje hiene de Amsterdammers twa dagen earder in wedstriid spylje moatten tsjin De Graafschap. Om't de KNVB de spilers fan Ajax genôch rêst jaan wol foar de wichtige Champions League-wedstriid, wurdt de striid tsjin de Graafschap ferskood.

No wol it gefal dat de lêste twa ronden yn de Eredivisie allegearre op itselde momint spile wurde moatte. Fandêr dat ek de wedstriid fan Hearrenfean ferskood wurdt. Hjirtroch wurde de lêste twa spylrondes omdraaid, en einiget Hearrenfean it seizoen net thús mar út.

Trefwurden: 
SC Heerenveen fuotbal Ajax
(Advertinsje)
(Advertinsje)