Michelle Obama, in "ynspiraasjeboarne foar jonge froulju"

Meastentiids sit de Ziggo Dome fol mei fans fan artysten lykas rapper Drake, DJ Hardwell as sjongeres Katy Perry. Woansdeitejûn wie dat oars: de muzyktimpel rûn fol om twa oeren lang te harkjen nei de wurden fan de eardere Amerikaanske presidintsfrou Michelle Obama. De oanlieding wie har autobiografyske boek 'BECOMING' dat op it punt stiet de bêst ferkochte autobiografy ea te wurden. Ferslachjouwer Marjelle Boorsma frege oan besikers Bianca Pander fan De Jouwer en Hanny Elzinga fan Sigerswâld wat harren yndruk fan de jûn wie.
Michelle Obama oan it wurd yn Ziggo Dome © ANP
Jim hawwe krekt by Michelle Obama west, wat is jim earste yndruk?
Bianca: "Ik fûn it hiel moai hoe't Michelle Obama famkes besiket te motivearjen om it maksimale út harren sels te heljen. It is echt in feministyske 'empowerment' wat hjir bart en dat fyn ik hiel moai. Benammen foar jonge froulju fan kleur is sy in ynspiraasjeboarne om it glêzen plafond te trochbrekken en dat barde jûn wêr."
Hanny: "Wat ik sa moai fûn is dat sy sa tankber is nei har âlders en dat sy dy tankberens graach trochjaan wol oan har eigen bern."
Underwiis is hiel wichtich yn it ferhaal fan Obama.
Hanny: "Ja, se fertelt oer har krêft mar ek oer har kwetsberens. Dat se graach prestearje woe, mar dat soks net fanselssprekkend wie om't se, sa as wy dat hjir neame, in earstegeneraasjebern is. De earste yn de famylje dy't studearje kin. Dat sjogge wy yn Fryslân ek in hiel soad."
Hokker gelikenis is der noch mear te lûken tusken wat sy fertelt oer Amearika en wat yn Fryslân bart?
Bianca: "Yn Fryslân, mar ek yn hiel Nederlân, sjochst dat de kânsûngelikens tanimt. It wurdt dreger om te emansipearjen. Ik bin mei myn broer en neefkes en nichtsjes ek de earsten fan ús húshâlding dy't studearre hawwe. Wy ynvestearje net mear genôch yn ûnderwiis. Dy gelikenis is der wol tusken Nederlân en Amearika."
"En it punt dat froulju efterbliuwe. Yn Nederlân is it oantal froulju dat yn de polityk sit, ekstreem leech. Itselde jildt foar froulju oan de top fan de universiteiten. Dat is gek, want mear as 50% fan de studinten is frou."
Wy moatte neffens Obama allegearre ús persoanlike ferhaal diele.
Bianca Pander
Binne der saken dy't jimme sjoen hawwe dy't jimme yn it foar net ferwachte hiene?
Bianca: "Se liet mear los oer har priveelibben as yn it boek. Dat woe sy it publyk ek graach meijaan. Wy moatte neffens Obama allegearre ús persoanlike ferhaal diele om sjen te litten dat elkenien in hiele wei ôf te lizzen hat foardat se oan de top komme."
"Dat se fertelt oer har problemen yn it houlik en hoe't se har eigen topbaan by in grut sikehûs opsei om't har man presidint wurde woe, jout oan hoe earlik en kwetsber oft se harsels opstelt."
Hanny: "Se hat ek wol wat taboes trochbrutsen. Bygelyks hoe dreech oft it wêze kin om bern te krijen en dat se it net slim fynt dat har bern it hûs útgean. Dat fyn ik wol hiel oprjocht ek al witst dat it regissearre is."
Hawwe wy yn Nederlân sa'n rolmodel, en hawwe wy sa'n persoan nedich?
Bianca: "Ja, soksoarte rolmodellen hawwe wy seker nedich. Yn it bedriuwslibben, mar ek yn de polityk. Der binne wol in tal rolmodellen. Femke Halsema fyn ik in moai foarbyld."
"Sy is ien dy't de rol hiel goed oppakt hat fan earste froulike boargemaster fan Amsterdam. Mar wy hawwe mear nedich."
Binne der noch saken dy't jimme meinimme fan dizze jûn om fierder oer nei te tinken?
Bianca: "Iepener wêze oer problemen dêr'tst mei te krijen hast en oare minsken der ek mei helpe. Miskien wol ien mentoarje. Ik haw der al langer oer neitocht, mar nei jûn tocht ik: 'miskien moat ik it wol echt dwaan'. In famke út de Bijlmer adoptearje en sjen litte wat allegearre mooglik is."
Hanny: "Rolmodellen binne hiel wichtich en miskien moatte wy dy sels ek wêze. Je hoege it net yn de grutte fan it Wite Hûs te sjen, mar sykje it yn de lytse dingen dêr'tsto wat yn dwaan kinst. Dêr begjint it."