Cambuur komt yn beslissende faze mei twa wedstriden yn peaskewykein

18 apr 2019 - 15:40

Cambuur komt yn de beslissende faze fan de kompetysje. De ploech stiet op dit stuit op in alfde plak, goed foar dielname oan de play-offs. Mar it stiet allegearre hiel ticht byinoar. Sa hat de tsjinstanner fan freed, FC Eindhoven, mar trije punten minder as de Ljouwerters. De punten wurde dus hieltyd wichtiger. Freed kin Cambuur gjin berop dwaan op Boerlage, Van Deelen, Van Koesveld en Conraad. Sy binne blessearre. Kallon en Schilder binne twivelgefallen, mar de kâns dat sy wol spylje kinne is frij grut.

Trainer René Hake

FC Eindhoven út is foar Cambuur altyd in drege wedstriid. De lêste kear dat de Ljouwerters de folle trije punten pakten yn it Jan Louwers stadion wie op 17 novimber 2006. Ek dit jier is Eindhoven yn eigen hûs in drege klus foar de tsjinstanners.

"De kracht van Eindhoven is de scherpe counter, met aan de basis de middenvelder Branco van den Boomen", fertelt trainer René Hake. "Dat moeten wij aanpakken. Wij moeten aan de bal goed zijn en die counters eruit halen."

Hake wol de wedstriid noch net krúsjaal neame: "Dat is teveel gezegd, maar het belang van deze wedstrijd is wel heel groot. Winst helpt ons om een goede positie te creëren. Het vertrouwen in de groep is groot, maar ze moeten het op het veld laten zien. Maar ze hebben het er wel over in de aanloop naar deze wedstrijd."

Cambuur komt yn beslissende fase mei twa wedstriden yn peaskewykein

Spits Sam Hendriks giet mei yn de wurden fan de trainer. "Wij gaan naar Eindhoven om te winnen. Drie punten zijn belangrijk, dus we gaan voor de winst. Mocht tijdens de wedstrijd blijken dat winst niet haalbaar is, dan moeten we in ieder geval een punt meenemen, want dan komt Eindhoven niet dichterbij".

Cambuur spilet peaskemoandei alwer. Dan stiet de thúswedstriid tsjin de nûmer fiif, FC Den Bosch, op it programma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)