Grutte plattelânsgemeenten freegje formateurs om ynset foar plattelân

18 apr 2019 - 15:27

It gearwurkingsferbân fan tweintich grutte plattelânsgemeenten, de P10, freget oan de tolve formateurs om harren yn te setten foar it Nederlânske plattelân. Se komme mei in Fiifpunteplan. By it gearwurkingsferbân sitte trije Fryske gemeenten: Opsterlân, Eaststellingwerf en De Fryske Marren.

Slûs yn de Opsterlânske Kompanjonsfeart yn Appelskea - Foto: Udo Ockema (Wikipedia, Creative Commons)

P10-foarsitter Ellen van Selm seit dat der 'ekstra spesifyk' omtinken fan de provinsjes nedich is foar it plattelân. "Dat is om het platteland leefbaar te houden en de balans tussen stad en platteland aan te brengen", fertelt se. Neffens Van Selm sit de krêft fan it plattelân yn de selsredsumheid en selsorganisaasje. "Dat toont zich in de vele 'kleinschalige' initiatieven die het platteland rijk is. Die dragen bij aan het behoud van leefbaarheid."

Om dat allegear te behâlden, moatte de provinsjes har dus ynsette foar it plattelân. Yn de tolve provinsjes wurdt no formearre om, nei de Steateferkiezingen fan 20 maart, in nij provinsjebestjoer gear te stallen. De P10 komt yn in brief mei fiif ideeën oan de formateurs.

"In de brief vragen wij de formateurs onder andere om dat de leefbaarheid op het platteland een onderdeel van het akkoord te maken", seit Van Selm. P10 hat it ôfrûne jier de leefberens op it plattelân ûndersocht. Elke provinsje yn it lân hat dêr oan meidien.

Yn de brief bringe se de útkomsten fan it ûndersyk ûnder de oandacht. "Ik hoop provincies oppikken dat ze niet vanuit het provinciehuis moeten denken, maar vanuit het gebied. In de dorpen en op het platteland wordt er veel gedaan door de mensen zelf. Wij vragen het provinciebestuur zich daarbij aan te sluiten: gebruik die kracht die in de dorpen zit."

P10 foarsitter Ellen van Selm

(advertinsje)
(advertinsje)