Selstraffen foar wapene oerfal op supermerk yn Ljouwert

18 apr 2019 - 15:15

In man út Ljouwert hat goed twa jier sel krigen foar in wapene oerfal op in supermerk yn Ljouwert. Syn minderjierrige maat krige acht moanne jeugddetinsje.

Foto: Anton Kappers

De âldste fertochte hie in mes by him by de oerfal, syn kompaan in gaspistoal. Se twongen de bedriuwslieder om de klûs iepen te meitsjen en naaiden út mei achttûzen euro. De oerfal hie grutte impact op it personiel fan de supermerk. Fjouwer fan har krigen flinke skeafergoedings tawiisd.

Trefwurden: 
Ljouwert selstraf oerfal
(advertinsje)
(advertinsje)