Johnny Jansen: "Lammers op 80%, Schaars nog onzeker"

It is noch net wis oft Hearrenfean-spilers Sam Lammers en Stijn Schaars freedtejûn meidwaan kinne yn de wedstriid tsjin Heracles. Neffens trainer Johnny Jansen is de kans grut dat Lammers it hellet en bliuwt Schaars ûnwis. Beiden binne blessearre, mar ha al wol wer meitraind.
Johnny Jansen Heracles
Neffens Jansen giet it de goede kant op mei Lammers. "Hij zit op tachtig procent. De laatste twee trainingen moeten we kijken of-ie kan beginnen."
Mear twivels binne der oer Stijn Schaars. Ek omdat de wedstriid yn Almelo op keunstgers spile wurdt. "Maar Stijn is liefhebber genoeg om te spelen als hij fit is. Maar we blijven wel voorzichtig met Stijn." Schaars bruts ferline jier syn kûtbonke en hat de lêste wiken noch wolris lêst.
© Omrop Fryslân
De kâns is grut dat Jansen mei deselde alve spilet as tsjin FC Grins. Allinnich Lammers sil it plak yn de spits oernimme fan Pelle van Amersfoort.
Heracles is miskien wol de ferrassing fan dit seizoen. Se stean sechsde en hawwe acht punten mear as Hearrenfean. Jansen: "Ik zag een statistiekje dat Heracles de tweede seizoenshelft het vaakst scoort in thuiswedstrijden. Nou, wij zijn goed in uitwedstrijden, eerder werd het 3-5 in het Abe Lenstra Stadion. Dat kan wel eens een leuke pot worden."
Ferwachte opstelling: Hahn, Schmidt, Høegh, Pierie, Woudenberg, Kobayashi, Thorsby, Rienstra, Van Bergen, Lammers (of Van Amersfoort) en Vlap.
De wedstriid Heracles-Hearrenfean is freedtejûn live te folgjen op Omrop Fryslân Radio. Kommentator is Roelof de Vries. Op itselde momint sit kommentator Geert van Tuinen by Eindhoven-Cambuur. Beide wedstriden begjinne om 20.00 oere.