Oprop oan boargers om fûgels te rêden fan ekstreme drûchte

18 apr 2019 - 13:57

It Bond Friese Vogelwachten (BFVW) en Stichting Agrarisch Natuurfonds Fryslân ropt boeren en boargers op om de fûgels te helpen mei wetter op it lân en yn de tún. It bûn krijt op it stuit in soad tryste berjochten fan deade en ferhongere pykjes. It waar dat wy minsken sa moai fine, is foar jonge fûgels in grut probleem.

Massaal komme de pykjes fan ljippen dizze dagen út har aai. Se moatte dan op syk nei iten, ynsekten, mar dy fine se net. Troch de drûchte binne der gjin ynsekten wêrtroch't de pykjes nei twa dagen al omkomme fan de honger. Ek de folwoeksen fûgels hawwe it dreech. Wjirmen binne troch de drûchte djip de grûn ynkrûpt. Boppedat is de grûn troch de drûchte hiel hurd, te hurd foar de gefoelige snaffel fan bygelyks de skries.

Se hawwe no echt hielendal gjin kâns.

Frans Kloosterman

"It is in hiel triest gesicht, dy deade pykjes", seit BFVW-foarsitter Frans Kloosterman, "mar wy kinne mei simpele maatregels helpe. Wy roppe dan ek eltsenien op dizze maitiid ek moai te meitsjen foar de fûgels troch se wetter te jaan. Want se hawwe no echt hielendal gjin kâns."

Wetter op it lân

Boeren kinne de ljip en oare greidefûgels helpe troch hjir en dêr wetter op it lân te pompen. Lit greppels bygelyks folrinne.

Ek oare fûgelsoarten hawwe lêst fan de drûchte. Sweltsjes brûke bygelyks wiete modder om harren nêsten te mitseljen mar op it stuit fine se allinne drûge túngrûn. In wiet hoekje yn de tún kin helpe.

Foarsitter Frans Kloosterman fan it BFVW

Trefwurden: 
BFVW fûgels drûchte
(advertinsje)
(advertinsje)