Learlingen CSG Comenius bringe peasketûken by alderein

Alderein fan ferskate soarchsintra yn Ljouwert binne dizze wike ferrast mei peasketûken. Dy binne makke en útdield troch learlingen fan it praktykûnderwiis fan Comenius Zamenhof.
It giet om de saneamde 'Palmpeasketûken'. Bedoeling is dat de learlingen troch it meitsjen en útdielen fan de peasketûken de symbolyk fan peaske better begripe. Greunshiem, St. Jozef en de Hofwijck krigen in besite fan de jongeren.
De skoalle mei praktykûnderwiis en VMBO hie dizze wike mear omtinken foar it peaskefeest, sa koene de learlingen ûnder oare meidwaan oan in spesjale 'Ei Tea' en diene se mei oan in 'Egg Scape'. Dêrby waarden opdrachten makke oer de peaskefiering.
Peaske is in kristlik feest dêr't de weropstanning fan Kristus út it grêf by fierd wurdt.