Feanster berne-opfang moat flink ta de bûse foar Stint

18 apr 2019 - 12:59

De Stint mei wer de dyk op. Alteast, as it apparaat oanpast wurdt. Nei it ûngelok yn Oss fan ferline jier, dat oan fjouwer bern it libben koste, waard de Stint troch minister Van Engelshoven fan de dyk helle. No moat it apparaat dus oanpast wurde, mar dat kostet dan wol sa'n 3.000 euro de Stint. Berne-opfang De Torteltuin op It Hearrenfean hat der fiif en de kosten kinne by harren dus flink oprinne.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

"Het wordt een behoorlijke kostenpost. We wachten nog even of er acht kinderen vervoerd mogen worden met de Stint of dat het er tien zijn", fertelt Hanny van Lune fan De Torteltuin.

As oplossing hierde de opfang tydlik buskes. De kosten dêrfan rûnen lykwols op nei tsientûzenen euro's. Doe't de Stints langer fan de dyk ôf moasten as tocht, waarden der trije buskes oanskaft. As de Stints wer mei tsien bern ride meie, kin De Torteltuin ien bus ferkeapje. Al it jild dat útjûn is oan de tydlike maatregels is lykwols net mear te ferheljen.

Hanny van Lune fan berne-opfang De Torteltuin

De Stint waard in hiel soad brûkt op de opfang. "Wij gingen er veel op uit, naar het bos, bij lammetjes kijken, naar de speeltuin en kinderboerderij. Dat waren dingen die we heel makkelijk en veilig konden doen."

Doe't it ûngelok krekt bard wie, kamen der reaksjes fan guon âlden dy't net woene dat de Stints noch langer brûkt waarden. Tongersdeitejûn is der dêrom in âlderkommisjegearkomste, wêrby't der oerlein wurdt oer it ferfiermiddel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)