UPDATE: Brêge yn Burgum nei steuring wer iepen

It ferkear fan en nei Burgum kin wer oer de brêge by it doarp. Tongersdeitemoarn moasten minsken noch rekken hâlde mei fertraging. De brêge by Burgum stie sûnt healwei de moarn iepen en woe net mear ticht.
© De Vries Media
Fytsers en fuotgongers koene net oer de brêge. It autoferkear moast fia Quatrebras ride. De steuring hat san twa oeren duorre. Ferline jier hie de brêge by Burgum ek in soad lêst fan steuringen.