Minder WW-útkearings útkeard yn Fryslân troch seizoenswurk

18 apr 2019 - 12:30

It heechseizoen yn ferskate sektoaren soarget derfoar dat it tal WW-útkearingen yn Fryslân ôfnimt. Yn maart wie der ûnder oare yn de hoareka, de bou en de lânbou mear wurk en waarden der minder WW-útkearings oanfrege.

Foto: UWV

Skilders, timmerlju, hofkers en helpende hannen yn de lânbou, se koene allegearre makliker oan wurk komme yn maart. It Noarden fan Nederlân is de meast seizoensgefoelige regio fan it lân.

Sa groeit it tal WW-útkearingen yn de wintermoannen mei hast in tredde. Dat regionale ferskil yn Noard-Nederlân komt foar in part trochdat seizoensgefoelige sektoaren en beroppen hjir in grutter part útmeitsje fan de totale wurkgelegenheid.

Trend fan delgong

Ein maart telde Fryslân yn totaal 11.283 WW-útkearings, wat telt foar 3,4 persint fan de beropsbefolking. It oantal WW-útkearings yn Fryslân naam yn maart ôf mei 362.

It UWV wiisde dit jier 19,2 persint minder WW-útkearings ta as ferline jier. Dêrmei wurdt de trend fan delgong, dy't trije jier lyn ynsetten waard yn de WW-ûntwikkeling, troch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)