Keamerfragen oer de kontenerramp mei de MSC Zoe

18 apr 2019 - 11:58

Ferskate politike partijen hawwe keamerfragen steld oer de ramp mei kontenerskip MSC Zoe begjin dit jier. GrienLinks, D66 en PvdA wolle ûnder oare mear dúdlikheid hawwe oer de gong fan saken rûnom de kontrôles fan kontenerskippen.

Foto: Kustwacht Nederland

By de ramp mei de MSC Zoe op 1 jannewaris fan dit jier kamen mear as 300 konteners yn it wetter fan de Noard- en Waadsee telâne. Mei grutte gefolgen foar de waadeilannen en de natuer om de eilannen hinne. Ut ûndersyk fan Omrop Fryslân en RTV Noord die bliken dat der fan alles mis wie mei de kontrôles op dit soarte fan skippen. De politike partijen wolle no fan de minister mear dúdlikheid hawwe oer dizze kontrôles, en de hanthavening.

Sa wolle de partijen witte by hoefolle kontenerskippen der alle jierren earnstige problemen konstatearre wurde, en hoefolle boetes as hjirfoar útskreaun wurde. Ek is der ynteresse foar de frachtbrieven. By de MSC Zoe is it noch hieltyd net folslein dúdlik wat der yn de mear as 300 konteners siet.

De polityk wol witte hokker privacy-issues oft der spylje by de kar om in frachtbrief wol of net publyk te meitsjen. Se freegje har ôf, oft it net mooglik is om de frachtbrieven te anonimisearjen. Sa't it wol dúdlik is wat der yn de konteners sit, mar net fan wa't it guod is.

De polityk wol foar 29 maaie antwurd hawwe fan de minister, om't dan it algemien oerlis Maritiem plakfine sil.

(advertinsje)
(advertinsje)